Auto yn sleat neist A7 by Terwispel

27 sep 2015 - 13:48

Op de autodyk A7 by Terwispel is sneintemiddei in auto yn de sleat rekke. De frou dy't de auto bestjoerde, rekke earst mei har auto yn de middenberm. Om der út te kommen stjoerde se tefolle de oare kant út en doe bedarre se yn de sleat. Ferskate helptsjinsten, wêrûnder ek de brânwacht, ferlienden help. It is net dúdlik hoe't it mei de frou is.

Trefwurden: 
plysje Terwispel ûngelok A7
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)