Wurk oan Havenkwartier yn Koudum begjint

27 sep 2015 - 16:40

Yn Koudum begjinne moandei de lêste wurksumheden yn it Havenkwartier. Dêr komt in haven mei dêr omhinne romte foar 28 hûzen mei in eigen steger. De daamwand oan de Havenkade wurdt foar in diel fernijd en dêrfoar moat heid wurde. Ek wurdt de riolearring oanlein foar de nije hûzen. Oan de Onderweg en de Beukenlaan komme parkearplakken.

It wurk moat yn novimber klear wêze. De haven moat mear toeristen nei Koudum lûke. It Havenkwartier is it lêste projekt binnen it sintrumplan fan Koudum.

Under de wurksumheden wurde trillingsmjitters op de wenten pleatst. As de trillings te bot binne, wurdt it wurk stillein of oanpast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)