Sloop âlde Ljouwerter iishal djoerder troch asbest

27 sep 2015 - 13:08
  • Drokte yn de Ljouwerter iishal

De sloop fan de âlde iishal yn Ljouwert kostet tsientûzenen euro's ekstra. Yn it gebou sit asbest, dus moat de hal mei soarch ôfbrutsen wurde. De fynst fan it gefaarlike materiaal betsjut in aardige ôffaller foar de direksje. Ein dit jier giet de âlde iishal tsjin 'e flakte.

De nije Elfstedenhal is sneon offisjeel iepene foar it publyk. De riders binne bot te sprekken oer de nije ljochte hal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)