Epke Zonderland rekkenet op WK

27 sep 2015 - 12:41

Turner Epke Zonderland hat der fertrouwen yn dat er meidocht oan it kommende wrâldkampioenskip turnjen yn Glasgow. Op Twitter lit de Lemster witte dat er him takom wike by de turnynterlân mei Wyt-Ruslân kwalifisearje wol. Hy seit dat er der in soad fertrouwen yn hat dat it slagje sil.

In pear wiken lyn kaam Epke Zonderland te fallen by in training. Hy rûn dêrby in lichte harsenskodding op. Sûnt in wike kin hy wer traine sûnder pineholle. Kommende freed wurdt dúdlik oft er yn de seleksje sit foar de ynterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)