Lykspul foar SC Cambuur op besite by FC Utrecht

26 sep 2015 - 22:30

SC Cambuur hat yn de Galgenwaard mei 3-3 lykspile tsjin FC Utrecht. De Ljouwerters kamen yn 'e earste helte op foarsprong troch Bartholomew Ogbeche. Willem Janssen makke nei it skoft de 1-1. Dêrnei rûn de ploech fan trainer Henk de Jong troch doelpunten fan Ogbeche en Sander van der Streek út nei 1-3. It waard dochs wer spannend fia Nacer Barazite, dy't de 2-3 makke. Tsien minuten foar tiid waard keeper Harm Zeinstra mei in reade kaart fuortstjoerd. De strafskop dy't dêrút folgde, waard binnensketten troch Janssen. Hy sette de einstân op 3-3.

Oan de reade kaart foar Zeinstra gie in diskutabele sitewaasje foarôf. Der soe in oertreding makke wurde op Cambuur-ferdigener Marlon Pereira, mar dêr woe skiedsrjochter Edwin van der Graaf net foar fluitsje.

Troch it lykspul bliuwe de Ljouwerters yn de Eredivisie sûnder oerwinning. Cambuur stiet op it santjinde plak mei trije punten út sân wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)