SC Hearrenfean pakt in punt tsjin Vitesse

26 sep 2015 - 22:19

It is SC Hearrenfean op 'e nij net slagge om in oerwinning yn 'e kompetysje te beheljen. Der waard mei 0-0 lykspile tsjin Vitesse. Dêrmei mocht de ploech fan trainer Dwight Lodeweges net kleie. Vitesse wie de bettere ploech en kriich meardere goeie kânsen, mar it slagge doelman Erwin Mulder om de nul te hâlden. Vitesse skoarde wol ien kear, mar dy goal waard yn bûtenspulposysje makke en terjochte ôfkard. Foar Hearrenfean wiene Joey van den Berg en Luciano Slagveer tichtby in goal.

Hearrenfean stiet no alfde mei sân punten út sân duels.

De Feansters wachtsje sûnt 11 augustus op in kompetysje-oerwinning. Doe waard De Graafschap mei 3-1 ferslein en dat wie de lêste oerwinning fan Hearrenfean yn de kompetysje. Dêrnei spilen se fjouwer kear lyk en waard der twa kear ferlern. Nije wike spilet SC Hearrenfean út tsjin Heracles Almelo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)