Ingelum hat it nije doarpshûs en -plein iepene

26 sep 2015 - 17:46

It nije doarpshûs en -plein yn Ingelum binne sneontemiddei offisjeel iepene. Doarpsbelang Ingelum hat lang foar de opknapbeurt striden. Uteinlik hawwe sawol de provinsje as de gemeente Menameradiel jild stutsen yn de renovaasje.

Benammen it opknappen fan it plein wie in grutte winsk fan it doarp. Dy romte die benammen tsjinst as parkearplak foar it doarpshûs. Bedoeling is dat it no in moetingsplak foar it doarp wurdt, dêr't bern ek boartsje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)