ONS Boso Snits pakt lette oerwinning tsjin Maassluis

26 sep 2015 - 17:03

ONS Boso Snits pakte sneon in drege 2-0 oerwinning op Excelsior Maassluis. Op eigen fjild hiene de Snitsers in earmoedich begjin. Beide ploegen krigen gjin grutte kânsen. Yn de twadde helte kaam de ploech fan trainer Richard Karrenbelt better út de klaaihokken.

Yumé Ramos wie fuortendaliks ticht by de iepeningstreffer, mar syn skot koe keard wurde. Yn de 80e minút wie it al raak foar dyselde spits, doe't Ramos in foarset fan Martijn Roosenburg binnen kopte. Mei in skitterend doelpunt fan krekt oer de middelline soarge hy ek foar de 2-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)