Tûzenen besikers op Flaeijelfeesten yn Nijhoarne

26 sep 2015 - 15:25

Der binne sneon wer tûzenen minsken ôfkaam op de 39e edysje fan de Flaeijelfeesten yn Nijhoarne. Besikers kinne genietsje fan in 'iepenloftmuseum yn bedriuw'. Der wienen tal fan aktiviteiten foar jong en âld, lykas it útoefenjen fan ferskillende âlde ambachten yn de doarpstrjitten.

Ek koenen minsken in besite bringe oan in âlderwetske kapper út de jierren tweintich. Der wurkje sa'n 450 frijwilligers mei oan de festiviteiten yn Nijhoarne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)