Frou ferstoarn by ûngelok op kemping Appelskea

26 sep 2015 - 13:16

In 78-jierrige frou út Surhústerfean is sneontemiddei omkaam by in ûngelok op de Boscamping oan de Oude Willem yn Appelskea. It slachtoffer rekke beknipe ûnder in auto. De brânwacht hat de frou befrijd, mar help fan ûnder oaren personiel fan de traumahelikopter kaam te let.

It slachtoffer stie tusken de auto en in karavan yn. Har man (82) ried de auto achterút om de karavan oan te keppeljen, mar trape op it lêst it gaspedaal yn yn stee fan de rem. Dêrtroch kaam de frou ûnder de auto telâne.

It wie sneontemiddei drok op de kemping. Ferskate minsken hawwe it ûngelok sjoen, foar harren is slachtofferhelp ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)