Eigener fan Dixons en iCentre sit yn swier waar

26 sep 2015 - 12:03

BAS Group, it memmebedriuw fan Dixons, MyCom en iCentre, sit yn swier waar. Dat meldt de NOS. Freedtejûn is der útstel fan betelling oanfrege. Der wurdt wurke oan in trochstart. De winkels bliuwe foarearst wol iepen. Yn Fryslân hat de Dixons winkels yn Snits, op It Hearrenfean en yn Drachten. iCentre sit yn Ljouwert en op It Hearrenfean, MyCom hat in fêstiging yn Ljouwert.

Yn 2011 gong Dixons ek al hast fallyt. Doe is de keten oernaam troch BAS Group. Itselde jildt foar iCentre yn 2013.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)