Gebrûk fan drones yn lânbou wurdt deagewoan

25 sep 2015 - 20:39

Oer fiif jier is it foar in trochsneed boer deagewoan om it eigen lân yn de gaten te hâlden mei help fan drones. Dat waard freed sein op in byienkomst fan leanbedriuwen oer de saneamde 'presisylânbou' yn Nijhoarne. Leanbedriuw Thijssen fan Nijhoarne bringt sûnt de ôfrûne maaitiid lânbougrûn hiel krekt yn kaart mei help fan drones.

Der binne op dit stuit sa'n 17 boerebedriuwen yn Fryslân dy't gebrûk meitsje fan dizze tsjinst om sa yn kaart te bringen wêr't it gewaaks of it gerslân wol en net goed groeit. Ien fan de bedriuwen dy't dat geregeld docht is de Dairy Campus by Ljouwert.

In bedriuw dat sa yn kaart brocht is, kin wer hiel folle krekter gebrûk meitsje fan keunstdong en dat beheint de miljeubelesting en ek de kosten. De fernijende leanbedriuwen binne der fan oertsjûge dat dizze nije wize fan buorkjen, ek wol 'smart farming' neamd, de takomst hat.

De leanbedriuwen binne min te sprekken oer de lânboupolityk fan dit stuit. De bedriuwen fine de regels foar it ynsetten fan drones fierstente strang. Ek fine de leanbedriuwen it net rjochtfeardich dat sy yn de measte gefallen útsletten binne fan lânbousubsydzjes.

De byienkomst yn Nijhoarne waard bywenne troch VVD-Twadde Keamerlid Helma Lodders. Sy wol besykje om de regels foar de leanbedriuwen wat soepeler te meitsjen. Foar subsydzje oan leanbedriuwen sjocht sy net folle mooglikheden. Sy fynt dat de sektor mei-inoar besykje moat om de needsaaklike ynvestearrings te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)