Mear as tûzen minsken kuierje yn Drachten foar it KWF

25 sep 2015 - 19:59
  • Samenloop voor Hoop, Drachten
  • Samenloop voor Hoop, Drachten

Sa'n tûzen kuierders binne freedtemiddei yn Drachten begûn oan de Samenloop voor Hoop. Op it iisbaanterrein by it Fennapark is in folslein tintekamp opboud foar dielnimmers, fersoargers en saneamde 'kanjers'. Under de namme 'kanjers' binne tsientallen minsken as earegast útnoege dy't allegear sels kanker ha, of hân ha.

De offisjele iepening waard dien troch Olympysk swimkampioen Maarten van der Weijden, dy't sels fan leukemy genêzen is en wurket as ambassadeur foar de Samenloop voor Hoop.

De opbringst, dy't sneon bekend makke wurdt, is foar wittenskiplik ûndersyk nei kanker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)