File yn jûnsspits Ljouwert troch ûngelok Aldlânsdyk

25 sep 2015 - 19:41
  • Botsing op de Aldlânsdyk Ljouwert

It ferkear yn de jûnsspits yn Ljouwert hat freed in soad oerlêst hân fan in botsing tusken twa auto's op de krusing fan de Aldlânsdyk en de Holstmeerwei. De bestjoerders kamen mei de skrik frij.

Plysjes regelen it ferkear, mar koene net foarkomme dat it ferkear hielendal fêstrûn. Nei't de berger de auto's fuortsleept hie, kaam it ferkear stadichoan wer op gong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)