Lodeweges tefreden mei beker tsjinstanner Helmond Sport

25 sep 2015 - 18:16

Trainer Dwight Lodeweges fan SC Hearrenfean is tefreden mei de lotting foar de tredde ronde fan de KNVB-beker. De Feansters moatte it thús yn it Abe Lenstra Stadion opnimme tsjin Jupiler League-klup Helmond Sport.

De wedstriid wurdt op tongersdei 29 oktober spile. Lodeweges sprekt fan in moaie lotting, mar warskôget wol foar de Helmonders. "Het is een aardig ploegje met een paar aardige spelers", sa sei Lodeweges freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)