FIDEO: It ferhaal fan in Syryske flechtling yn Harns

25 sep 2015 - 17:21

Ien fan de flechtlingen yn Harns is Mohammed Adzjali út Syrië. Hy kaam tongersdei yn de rein oan, yn in plak dêr't hy noch nea fan heard hie. Hy hat in lange reis troch Europa makke, mei syn frou en trije lytse bern. Mohammed is bliid dat hy hjir is, mar tagelyk hat hy fertriet en soargen. Alles efterlitten, en net witte wat de takomst bringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)