Bûterstrjitte Dokkum wer iepen foar fuotgongers en fytsers

25 sep 2015 - 17:03

De Bûterstrjitte yn Dokkum yn is wer iepen foar fuortgongers en fytsferkear. Dat hat de gemeente Dongeradiel meidield oan Omrop Fryslân.

Motorisearre ferkear mei foarearst noch net troch de winkelstrjitte ride om't it soargje kin foar trillings. Dizze kinne it ûndersyk nei de de oarsaak fan de brân yn kafee De Zaak fan ôfrûne nacht fersteure. It ûndersyk - dat útfierd wurdt troch forensysk resjersjeurs - wurdt takom moandei ferfolge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)