Provinsje Fryslân ynvestearret 411 miljoen euro yn 2016

25 sep 2015 - 15:24
  • De presintaasje fan de begrutting foar 2016
  • Deputearre Sander de Rouwe

In belestingferleging fan 80 miljoen euro, flugge oanlis fan breedbân ynternet en de ambysje om de Tour, Giro of Vuelta nei Fryslân heljen. Dit binne inkelde opfallende besluten út de begrutting foar 2016, dy't Deputearre Steaten freed presintearre.

De grutte tema's foar takom jier binne miljeu, wenjen, ferkear, soarch en de ekonomy. Ek de Fryske taal en kultuer krije omtinken. Dit alles betsjut in totaal oan ynvestearrings fan rom 411 miljoen euro yn 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)