Folkshegeskoalle siket gearwurking mei kulturele ynstellings

25 sep 2015 - 14:22

De Folkshegeskoalle op Skylge wol mear gearwurkje mei kulturele ynstellings yn Fryslân en de bannen mei ferienings en klups op it eilân oanhelje. Neffens behearder Amarins Geveke is de Folkshegeskoalle noch wat te ûnbekend.

It doel fan de skoalle is om minsken byekoar te bringen. Om dat dwaan te kinnen, moatte de gebouwen wol by de tiid brocht wurde. Sa binne der no hast allinnich noch mar grutte sliepsealen en te min lytsere sliepkeamers. Geveke hopet fan 't winter al mei de ferbouwing útein te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)