Provinsje wol Tour, Giro of Vuelta nei Fryslân helje

25 sep 2015 - 13:45

Fryslân krijt yn 2019 of 2020 mooglik in grut hurdfytsevenemint. Dit hat Deputearre Steaten freed bekend makke by de presintaasje fan de begrutting. De lobby om in oantal etappes fan de Giro, Tour of Vuelta nei Fryslân te heljen, is al begûn. Deputearre Sander de Rouwe set him yn foar dizze saak.

De etappes yn Fryslân soene by alle alve stêden lâns moatte en oer de Ofslútdyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)