Man naait út nei botsing op de Knobben yn Drachten

25 sep 2015 - 11:09

In 21-jierrige man út de gemeente Opsterlân is yn de nacht fan tongersdei op freed oanholden omdat er útnaaid wie nei in ûngelok. Op de Knobben yn Drachten wie er mei syn auto tsjin in beam botst. Mei syn passazjier, in 27-jierrige ynwenner fan Oerterp, naaide er út. Dizze man wie by it ûngelok ferwûne rekke oan de holle.

De plysje hat de bestjoerder oppakt yn syn wenning. Hy hie tefolle dronken. It rydbewiis fan de man is yn beslach naam en hy krijt proses-ferbaal. Hy wurdt freed heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)