Zwanenburg bouwt 66 nije wenningen by Harinxmalân Snits

25 sep 2015 - 11:00

Projektûntwikkeler Zwanenburg sil 66 nije wenningen bouwe op it Harinxmalân yn Snits. It giet foar it grutste part om rychjeswenningen en twa-ûnder-ien-kapwenningen. Ek komme der inkelde frijsteande wenningen. Zwanenburg hat dêr tongersdei in kontrakt oer tekene mei de gemeente Súdwest-Fryslân.

It plan is dat de bou fan de earste huzen takom maaitiid úteinset. Zwanenburg hat fan de gemeente trije jier de tiid krigen foar it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)