Ynternasjonaal wetterprojekt by it Marne College Boalsert

25 sep 2015 - 10:30

It Marne College yn Boalsert docht fan oktober ôf mei oan in ynternasjonaal wetterprojekt. It giet om in gearwurking tusken middelbere skoallen, it heger ûnderwiis, it bedriuwslibben, maatskiplike ynstellingen en oerheden. Sa'n 300 learlingen fan skoallen yn Tsjechië, Dútslân, Poalen en Nederlân geane op syk nei duorsume oplossingen foar wetterkwaliteit en wetterfeiligens. Se krije hjirfoar opdrachten fan wetterskippen.

Dosinten ekonomy, biology en natuer-en skeikunde fan alle dielnimmende skoallen wurkje gear yn it projekt. Yn juny 2018 wurde de resultaten fan it wetterprojekt presintearre. Dat gebeurt op it ynternasjonale Jeugd Wetterkongres yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)