'Skoalswimmen hoecht net mear'

© Omrop Fryslân
Hast alle bern yn de heechtse groepen fan de basisskoallen yn Achtkarspelen hawwe in swimdiploma. It ôfskaffen fan it skoalswimmen hat dêr gjin negative ynfloed op hân. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de gemeente.
Fjouwer jier ferlyn hat Achtkarspelen besletten it skoalswimmen ôf te skaffen. Omdat de útkomsten fan it ûndersyk oantoane dat de measte âlden der sels foar soargje dat it bern swimmen leart, stelle boargemaster en wethâlders de ried no foar it skoalswimmen mar net wer yn te fieren.