Grutte Pier Tripel bierke wint ynternasjonale bierpriis

24 sep 2015 - 20:31

It Grutte Pier Tripel bierke fan brouwerij Grutte Pier hat tongersdei by de World Beer Awards de sulveren priis wûn foar bêste tripel bier. It bier fan de Ljouwerter brouwerij waard troch in saakkundige sjuery beoardiele. De World Beer Awards rikt elts jier ferskate prizen út foar de ynternasjonaal erkende bierstilen.

Ofrûne wykein wûn it etiket fan it Grutte Pier Tripel bierke al de tredde priis by de Nederlânske bieretikettenwedstriid yn Uden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)