Lytse demonstraasje by it WTC Ljouwert tsjin flechtlingen

24 sep 2015 - 19:42

In groep fan sa'n 10 minsken demonstreart by it WTC-Expo yn Ljouwert tsjin de komst fan flechtlingen nei de stêd. Yn it WTC wurdt in ynformaasjejûn hâlden oer de komst fan 600 flechtlingen. Dy wurde tydlik opfongen yn de Friezenhal.

Neffens de demonstranten is it net goed dat de flechtlingen hjir komme. "We moatte earst om ús eigen minsken tinke, benammen de âlderein. Dy ha it al dreech genôch," seit ien fan har. It is de bedoeling dat de earste groep flechtlingen op 12 oktober in plak kriget yn it WTC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)