Harns sammelet guod yn foar flechtlingen

24 sep 2015 - 17:22
  • Klean foar de flechtlingen
  • Klean foar de flechtlingen
  • De eardere opfanglokaasje yn de Waddenhal yn Harns

De gemeente Harns docht op har webside in oprop oan de ynwenners fan dy stêd om klean en oar guod te donearjen foar de flechtlingen. Tongersdeitemiddei binne der sa'n 130 flechtlingen ûnderbrocht yn in needopfang yn de Waddenhal yn Harns. It giet om flechtlingen út benammen Syrië.

Sy kamen út in opfang yn Maassluis. De klean en bygelyks boartersguod kin brocht wurde by de gemeentewerf oan de Westerseedyk, neist it brânwachtgebou. Hjir kin noch oant freed fiif oere guod brocht wurde. Woansdeitemiddei binne al in soad pûden mei klean brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)