Kade eilân De Burd ophege

05 apr 2012 - 14:13

Wetterskip Fryslân is tongersdei begûn mei de opheging fan de kaden op eilân De Burd by Grou. It is ien fan de knipepunten dy't oan it ljocht kaam by de wetteroerlêst fan begjin jannewaris. Al mei al sille fjouwerhûndert probleemgefallen mei wâlskanten en kaden yn Fryslân oanpakt wurde. Takom hjerst moat al it wurk klear wêze.

Foar takom jier stiet de werynrjochting fan De Burd op it program. Dan wurde de wâlskanten definityf sa ferhege en fersterke dat se foldogge oan de provinsjale noarmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)