Epke Zonderland nimt dit wykein beslút oer dielname WK

24 sep 2015 - 14:51

Turner Epke Zonderland nimt kommend wykein in beslút oer syn dielname oan de WK yn Glasgow. Dit meldt de NOS woansdei.

Zonderland kaam fjouwer wike lyn ten fal by in training en rûn dêrby in harsenskodding op. Hy sil de kommende dagen brûke om te bepalen oft hy fit genôch is om syn wrâldtitel te ferdigenjen en te striden foar in Olympysk startbewiis.

Lês it folsleine berjocht op de webside fan de NOS.

Trefwurden: 
turnjen Epke Zonderland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)