Undersyk útkyktoer De Jouwer foarearst stillein

24 sep 2015 - 13:11

De plysje hat gjin nije ynformaasje mear fûn oer de dieder of dieders fan de sabotaazje fan de útkyktoer op De Jouwer. Dizze simmer rekke in 14-jierrich famke swierferwûne, neidat se njoggen meter nei ûnderen foel út de toer. Har fal is feroarsake troch in losse flierplaat.

De gemeente en de plysje geane noch hieltyd út fan opsetsin. Sy tinke dat de bouten fan de plaat losdraaid binne. Dochs is it ûndersyk nei de fertochten foarearst stillein. As de plysje nije ynformaasje krijt, wurdt it ûndersyk wol wer opstart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)