Gemeente Ljouwert presintearret begrutting foar 2016

24 sep 2015 - 12:53

De gemeente Ljouwert sil takom jier 22 miljoen euro ynvestearje yn ferskate saken lykas it Stasjonsgebiet, de Blokhúspoarte, it Europaplein en it sintrum fan Grou. Dat stiet yn de begrutting. Ek kin de gemeente foldwaande reserves hâlde om mooglike tsjinfallers yn de soarch of mei it grûnbelied op te heinen.

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan finânsjes hat it oer in deeglike en beliedsearme begrutting. In trochsneedhúshâlding yn de gemeente Ljouwert is takom jier 645 euro kwyt oan gemeentlike belestings, dat is acht euro minder as dit jier. De belestingdruk leit dêrmei yn Ljouwert in stik leger as it lanlik gemiddelde fan goed 700 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)