Klaverblêd It Hearrenfean dit jier noch oanpast

24 sep 2015 - 12:27

Rykswettersteat set noch dizze hjerst útein mei it oanpassen fan stikken dyk op it klaverblêd by It Hearrenfean. De kosten wurde skat op sa'n 200.000 euro. Der fine de ôfrûne tiid in soad ûngemakken plak by it klaverblêd, dêrom hat de dykbehearder ûndersyk dien. Ut it ûndersyk docht bliken dat der neat mis is mei de diken op it klaverblêd, dochs sil der op guon plakken oar asfalt komme. Dizze laach moat rûger wêze as it asfalt dat der no leit.

Neffens Rykswettersteat wurdt der fierstente hurd riden op it knooppunt, ek it gebrûk fan de smartphone yn it ferkear wurdt oanhelle as ien fan de oarsaken foar it tanimmend tal ûngemakken. Foar de automobilist hawwe de wurksumheden gjin fierdere gefolgen, de diken hoege net folsein ôfset te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)