Flechtlingen komme oan op It Hearrenfean en yn Harns

24 sep 2015 - 18:54
  • De flechtlingen stappe út de bus
  • De opfanglokaasje op It Hearrenfean
  • Bussen mei flechtlingen oankaam yn Harns
  • Harns naam earder flechtlingen op yn de Waddenhal, mar in azc komt der net

De earste flechtlingen binne tongersdei oankaam yn de needopfanglokaasjes op It Hearrenfean en yn Harns. Op It Hearrenfean wurde maksimaal 200 flechtlingen opfongen yn de Blauw Wit-hal. Yn Harns wurdt de Waddenhal brûkt as opfanglokaasje. De flechtlingen bliuwe maksimaal 72 oeren op beide lokaasjes. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma kaam nei It Hearrenfean ta om de needopfanglokaasje te besjen.

Om goed 15.00 oere kamen de earste flechtlingen oan by de Waddenhal yn Harns. It gie om 2 bussen mei 130 minsken.

De busreis fan Rotterdam nei Harns wie net goed organisearre, sa seit sjauffeur Pim. Der wie gjin begelieding, gjin list fan nammen fan de flechtlingen en gjin koördinaasje. "De bus werd volgedouwd met vluchtelingen. Westerzeedijk, Harlingen. Aju paraplu." 

Oan it begjin fan de jûn kamen 188 flechtlingen oan op It Hearrenfean. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)