Skoalbern Burgum yn aksje foar Fryske Google Translate

24 sep 2015 - 11:48

Skoalbern fan it CSG Liudger Burgum sette harren tongersdei yn foar de Fryske Google Translate wike. Se binne drok dwaande om foarbyldsinnen út it Ingelsk oer te setten nei it Frysk.

De learlingen fan de meartalige skoalle krije les yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk en kinne dêrom goed helpe mei it oersetten. Troch sa yntinsyf mei it Frysk dwaande te wêzen, krije de bern mear aardichheid oan de taal, sa fernimt de koördinator fan it projekt op de skoalle.

Hoe mear sinnen der oerset wurde, hoe grutter de kâns dat Google it Frysk opnimt yn Google Translate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)