'Gasleaze' dei op Skylge as protest tsjin gaswinning

24 sep 2015 - 10:37

Op Skylge is in aksje starten om ien dei gjin gas te brûken. It idee is betocht yn it ramt fan de Dei fan de Duorsumens, op 9 oktober. Om minsken bekend te meitsjen mei de aksje en tips te jaan, hawwe de inisjatyfnimmers in Facebookside oprjochte. Dêrop sette se tips en berjochten om minsken entûsjast te meitsjen foar it projekt.

De aksje is ek ynspirearre troch it ferset tsjin mooglike gaswinning op Skylge. Mei de 'gasleaze' dei hoopje de eilanners oantoane te kinnen dat it boarjen nei gas op Skylge hielendal net nedich is.

Gean nei de Facebookpagina '1daggeengas'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)