Fertochte yn dongsilosaak krijt Fryske tolk

23 sep 2015 - 19:55

De fertochte yn de saak oer it dongsilo-ûngelok yn Makkingea krijt in Fryske tolk tawiisd. Ek is bekend wurden dat de saak yn Zwolle tsjinje sil. De saak soe earst yn Almelo behannele wurde, mar dêr tekene advokaat Tjalling van der Goot protest tsjin, benammen om't syn kliïnt him better uterje kin yn it Frysk. It brûken fan it Frysk yn de rjochtbank is allinnich yn Noard-Nederlân by wet fêstlein. De rjochtbank seit dat der keazen is foar Zwolle om't de ôfstân better te bereizgjen is foar alle partijen.

Advokaat Tjalling van der Goot seit yn in reaksje dat hy tige min te sprekken is oer de ferpleatsing nei Zwolle. Hy fynt it in tuskenoplossing dy't neat taheakket. By it ûngelok yn juny 2013 kamen trije minsken om it libben en rekke in fjirde persoan swier ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)