Hûs en Hiempriis foar Pieter Klimstra

23 sep 2015 - 19:46

Pieter Klimstra fan Dokkum hat de Hûs en Hiempriis 2015 wûn. De priis is bedoeld foar minsken dy't har op bysûndere wize ynset hawwe foar it behâld of de ferbettering fan de iepen romte yn Fryslân. De priis is ynsteld yn it ramt fan it 90-jierrich jubileum fan de advysorganisaasje Hûs en Hiem. De persoan wurdt beleanne foar syn of har folsleine oeuvre.

Klimstra wint de priis foar ûnder oare syn wurk as adviseur en rayonarsjitekt by Hûs en Hiem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)