Noardewyn live foar it earst op Freeze Festival

23 sep 2015 - 15:31

Noardewyn live stiet foar it earst op it Freeze Festival yn De Harmonie yn Ljouwert mei in jûnfoljend programma. Neist De Kast trede rockband Sunday Kids, Mr. Solnick en DOOXS sneon 26 septimber op. Ek Jack Bottleneck is der. De offisjele release fan syn debútalbum mei kompaan Johan Keus fynt plak op it Freeze Festival.

Noardewyn live op it Freeze Festival is sneontejûn 3 oktober werom te sjen op Omrop Fryslân telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)