Opsette bisten út Inside Out-útstalling oankaam yn Ljouwert

23 sep 2015 - 15:01
  • Strúsfûgel

In nuver tafriel by de yngong fan Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Dêr stie woansdei in strúsfûgel foar de doar. Net in libbene, mar in opsette. It bist is ûnderdiel fan de ynternasjonale útstalling 'Animal Inside Out'. De strúsfûgel waard woansdei út de kiste helle, om't dy net troch de doar fan it museum koe. Ek in opsette oaljefant en sjiraf waarden op strjitte út kisten helle.

Dit skouspul luts in protte taskôgers. Der waard frjemd opsjoen, want de bisten sjogge der frjemd út. Dat is ek de bedoeling fan de útstalling. De bisten binne sa preparearre dat de anatomy goed te sjen is.

Natuurmuseum Fryslân hat de ynternasjonale primeur mei de útstalling fan de wrâldferneamde keunstner Gunther von Hagens. Hy makke earder BODY WORLDS, dêr't de preparearre lichems fan minsken toand waarden.

De útstalling is te sjen fan 3 oktober ôf oant en mei 3 jannewaris 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)