Alle partijen yn Provinsjale Steaten foar selsstannige Omrop

23 sep 2015 - 13:24
  • In eardere aksje by it provinsjehûs foar selsstannich Omrop Fryslân

Alle politike partijen yn Provinsjale Steaten fine dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwe moat en net opgean moat yn de RPO, de nije nasjonale organisaasje foar alle regionale omroppen.

Deputearre Sietske Poepjes krige woansdeitemoarn fan de steaten de opdracht om dit yn ûnderhannelings mei steatssiktaris Sander Dekker fan media te regeljen. Mei Den Haach ûnderhannelje yn in steatedebat kin net, sei se. 'Ik moat mei Sander Dekker prate oer ynhâld, jild en struktuer.'

It Steatekomitee Frysk kaam mei in moasje foar in selsstannige omrop. Dy moasje waard stipe troch hast alle politike partijen, mar yn earste ynstânsje net troch PvdA en D66. PvdA-steatelid Hetty Janssen neamde de moasje 'te slap'. Sy fynt dat de provinsjale polityk fierder gean moat as moaie wurden en ek jild frijmeitsje moat foar in selsstannich Omrop Fryslân.

In grutte delegaasje Freonen fan Omrop Fryslân wie by de steategearkomste. De Freonen wiene net ûntefreden oer dy gearkomste. Foarsitter Andries de Blaauw fan de Freonen hâldt der wol rekken mei dat der ek noch in kear in Fryske aksjedei komme moat yn Den Haach. Deputearre Sietske Poepjes fynt ek dat Friezen har mear oppenearje moatte yn Den Haach. Sy beskôget dat as needsaaklike stipe fan de provinsjale lobby foar in selsstannich Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)