Doutzen lêst har bern foar út Tomke

23 sep 2015 - 11:05

Doutzen Kroes fan Eastermar hat har folgers op Instagram efkes subtyl witte litten dat se it Frysk noch lang net ferleard is. It topmodel sette in foto fan har bad op it fotoplatfoarm, mei op de badrâne boartersguod fan Nijntje en in boekje fan Tomke mei de tapaslike titel 'Boartsje yn bad'. By de foto skriuwt Doutzen 'Bath time'.

Doutzen hat al faker yn de media ferteld dat se har beide bern, soantsje Phyllon en dochterke Myllena Mae, yn it Nederlânsk en it Frysk grutbringt. Tsientallen Friezen ha al reagearre op de foto. Sa skriuwt suusy77: "Oh wat gaaf dat je Tomke gewoon hebt staan!" en richt89 reagearret mei "Ooh Tomke... it is sa leuk!!". It model hat hast in miljoen folgers op Instagram.

 

A photo posted by Doutzen Kroes (@doutzen) on

Trefwurden: 
Doutzen Kroes Tomke Instagram
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)