Needopfang yn WTC Ljouwert foar 600 flechtlingen

23 sep 2015 - 09:59

Der komt in needopfang foar de opfang fan 600 flechtlingen yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Dat hat boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert woansdeitemoarn bekend makke. De ferwachting is dat de opfang al op koarte termyn iepene wurde sil en yn alle gefallen oant jannewaris iepen bliuwt.

Doel is dat ien hal fan it WTC ynrjochte wurde sil foar de opfang fan de flechtlingen. Op dit stuit wurdt der troch de gemeente in brief mei ynformaasje oer de opfang yn de wyk ferspraat.

Tongersdeitejûn sil der yn it WTC in ynformaasjegearkomste holden wurde foar de omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)