Grutte opkomst by aksje provinsjehûs Freonen Omrop Fryslân

23 sep 2015 - 08:51

Sa'n hûndert minsken kamen woansdeitemoarn nei it provinsjehûs yn Ljouwert om politisy dúdlik te meitsjen dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwe moat. De aksje wie in inisjatyf fan de Freonen fan Omrop Fryslân.

De provinsje praat woansdei oer de takomst fan Omrop Fryslân. De Freonen fan Omrop Fryslân hawwe healwei woansdeitemoarn in petysje oanbean wêryn't se de Steaten oproppe om de Omrop finansjeel te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)