Aksjegroep De Gordyk jout striid om behâld De Skâns net op

23 sep 2015 - 07:51

De aksjegroep foar it behâld fan De Skâns op De Gordyk is net fan doel de striid op te jaan. Tiisdei waard bekend dat it gemeentebestjoer it kultureel sintrum yn it doarp slute wol. Yn plak dêrfan soe dêr dan in nije multyfunskjonele akkommodaasje komme moatte by de boargemaster Harmsmaskoalle.

De aksjegroep is it dêr lykwols net mei iens. Neffens harren soe De Skâns opknapt wurde moatte. Dat soe neffens de aksjegroep mar 1,4 miljoen euro kostje, wylst nijbou hast 8 miljoen kostje moat.

De aksjegroep wol dêrom yn oktober manmachtich nei de riedsfergadering om de polityk noch op oare gedachten te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)