Ynwenners gemeente Ljouwert positiver oer eigen gemeente

22 sep 2015 - 21:17

Ynwenners fan de gemeente Ljouwert binne in stik positiver wurden oer harren gemeente. Wie fjouwer jier lyn noch 60 persint tefreden, no is dat oprûn nei 75 persint. Benammen de ynwenners fan de doarpen dy't earder by Boarnsterhim hearden, binne goed te sprekken oer hoe't it op it stuit giet. Dat docht bliken út de Wijkenquête 2014, dy't de gemeente holden hat ûnder de ynwenners fan alle wiken en doarpen.

Dat de ynwenners fan de doarpen sa posityf binne, leit neffens wethâlder Harry van der Molen oan de ynvestearrings dy't de gemeente de ôfrûne tiid dien hat yn it eardere Boarnsterhim.

Der binne ek punten fan soarch yn de enkête. Sa is it tal minsken dat oanjout iensum te wêzen folle heger as tocht. Yn de hiele gemeente Ljouwert giet it om goed 5000 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)