'Nijbou jout De Skâns takomst'

22 sep 2015 - 19:40
  • De Skâns

Direkteur Harry Koning fan kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk is bliid dat de gemeente Opsterlân in beslút naam hat oer de takomst fan de foarsjenning. It kolleezje fan b. en w. wol ôfskie nimme fan De Skâns. It gebou is âld en en ferbouwe is gjin opsje.

De teaterfunksje fan De Skâns moat ûnderdak krije yn in nij te bouwen multyfunksjonele akkommodaasje wêryn't ek in brede-skoalle en in berne-opfang ûnderdak krije. Koning tinkt dat De Skâns troch nijbou goede nije kânsen krijt en yn de takomst wer besteansrjocht hat.

It folsleine nijbouprojekt kostet 9 miljoen euro. De ried fan Opsterlân moat noch wol grien ljocht jaan.

It bestjoer fan it pleatslik belang fan De Gordyk is ferdield oer de takomst fan De Skâns. Neffens foarsitter Janet Huisman moat rekken hâlden wurde mei ynwenners dy't De Skâns graach behâlde wolle. Sels tinkt se dat mei in ferhuzing fan de teateraktiviteiten nei it multyfunksjonele sintrum, foarsjennings behâlden wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)