Opsterlân lûkt stekker út De Skâns op De Gordyk

22 sep 2015 - 16:38

Der is gjin takomst mear foar kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk. Dat fynt it kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Opsterlân. De renovaasje is fan 'e baan en de teaterfunksje giet nei it nij te bouwen multyfunksjoneel sintrum.

Troch grutte finansjele problemen wie der de ôfrûne jierren al in soad diskusje oer de takomst fan De Skâns. It teater gong yn 2013 al fallyt. It gemeentebestjoer lûkt de stekker der no dus definityf út. Wat der mei it gebou fan De Skâns bart, is neffens wethâlder Van Dijk noch net dúdlik.

It multyfunksjonele sintrum komt te stean by de Burgemeester Harmsma School op De Gordyk. Dêr komt ûnder oaren in bredeskoalle, in berne-opfang en in grut sportkompleks foar alle sportklups fan De Gordyk en Koartsweagen.

Trefwurden: 
De Skâns De Gordyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)