Winkeldief yn byld

05 apr 2012 - 10:45
  • laptop

Troch in tafalstreffer hat de plysje woansdei in 25-jierrige winkeldief yn Ljouwert daliks oanhâlden kinnen. Plysjes wiene nei winkelplein De Centrale kommen om bylden fan in stellerij te sjen. Earder dy dei wiene twa laptops troch ien en deselde persoan stellen.

By it sjen fan de bewakingsbylden seach ien fan de plysjes tafallich dyselde man wer de winkel yn rinnen. Mei in kamera hâlden se yn gaten wat de man die. Hy besocht wer in laptop mei te nimmen. De man waard doe daliks by de kraach pakt en meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)