Ungerêstens oer lange soarch-wachtlist Dongeradiel

22 sep 2015 - 15:58

De fraksje fan Algemien Belang Dongeradiel makket him soargen oer de útfiering fan de WMO. De fraksje hat heard dat der in wachtlist is fan trije moanne fan minsken dy't ferlet ha fan soarch.

Boppedat binne minsken dy't yn it ferline fertrouwenspersoan wiene foar minsken dy't yn oanmerking komme foar soarch fia de WMO, no ek amtner. Yn guon dossiers ha se sadwaande in dûbele pet op en der binne kliïnten dy't dat hiel ferfelend fine.

Fierder fine sawol kliïnten as meiwurkers it ferfelend dat se har petearen ha moatte op it gemeentehûs. Algemien Belang Dongeradiel fynt dat dêr in oar plak foar komme moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)