Kondukteur bedrige en bespuid

De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge © Omrop Fryslân
In 27-jierrige man út Emmeloord is woansdeitejûn oanhâlden foar misdragings yn de trein rjochting Ljouwert. Dêrby soe er in kondukteur bedrige en bespuid hawwe.
Op it Ljouwerter stasjon spruts de alarmearre plysje de man oan op syn dieden. Hy waard lilk, en misledige en bespuide de plysje ek noch. De man is ynsletten op it plysjeburo. De kondukteur hat oanjefte dien fan mislediging en bedriging.